Fotografa olandese
"Céline van Balen (Amsterdam, 1965)
is in Nederlânske fotograaf dy't yn Amsterdam wennet en wurket. Yn 1991
komt se fia in kursus foar wurkleazen in oanrekking mei de fotografy.
Se ûntwikkeld in foarkar foar portretfotografy en se hat dêrby benammen
each foar minsken dy't troch de mienskip negearre wurde. Se is dêrby
ynspirearre troch de New Yorkse fotograaf Weegee, dy't yn de 40-er en 50-er jierren de outcasts yn syn stêd fotografearre.
Céline van Balen folget fan 1995 oant 1997 in oplieding oan de Rietveld Akademy. Yn 1999 krijt se har earste opdracht yn it kader fan it projekt "Dokumint Nederlân": Kinderen van Zeven, in searje fan 28 foto's fan sânjierrige bern. Se hat dêrnei eksposysjes yn binne- en bûtelân.
Yn 2003 wurdt it fotoboek 'Céline van Balen' bekroane mei de Foto Kees Scherer Priis."
Celine van Balen - foto
Nessun commento:
Posta un commento